Fryske skeelersuksessen

17 apr 2011 - 15:07

Skeelerder Crispijn Ariëns fan It Hearrenfean hat sneon de earste wedstriid fan it seizoen op syn namme set. Yn Middelburg wie de 22-jierrige Ariëns de rapste oer 41,8 km, doe't er fuortsprong út de kopgroep. Ferline jier wûn de Feanster dizze wedstriid ek al.

Haulster Elma de Vries ried yn it Dútske Gross Gerau op in ynternasjonale wedstriid yn de prizen. Op de sprintôfstannen 500 en 300 meter pakte se in sulveren en in brûnzen plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)