Brân yn wenhûs Tsjummearum

17 apr 2011 - 15:00
Foto: Anton Kappers

Oan de Seedyk by Tsjummearum hat sneintemoarn brân west yn in wenhûs. De brân waard om in oere as alve ûntdutsen. Doe't de brânwacht oankaam sloegen de flammen al út it dak. Der waarden twa brânwachtauto's ynset om it fjoer út te krijen.

It hûs hat grutte skea oprûn, krekt as de wenning dernjonken. By de brân rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)