Stek op Flylân fuorthelle

17 apr 2011 - 13:55

It tal Skotske Heechlanners op Flylân wurdt definityf net útwreide, it grutte stek oan de westkant fan it doarp wurdt al fuorthelle. Dy beslissing krije de ynwenners fan Flylân moandeitejûn te hearren by in presintaasje yn badhotel Bruin.

De emoasjes rûnen foarige maitiid heech op, want eilânbewenners fielden har opsletten troch de stekken dy't Steatsboskbehear delset hie. Geiten hâlde tenei it gers koart en de stekken dêromhinne wurde ferpleatst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)