Deadlik ûngelok by Wiuwert

17 apr 2011 - 13:36

In 45-jierrige ynwenner fan de gemeente Littenseradiel is yn de nacht fan sneon op snein ferstoarn by in ûngelok by Wiuwert. De man ried tsjin twa oere oer de Froonackerdyk en botste troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in lantearnpeal.

Doe't de helptsjinsten oankamen, wie de man al ferstoarn. Der wurdt ûndersyk dien nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)