Jonges mei luchtbuks oppakt

Twa jonges fan 16 jier út Ljouwert binne sneontenacht oanholden foar brânstifting en wapenbesit. De plysje krige de melding dat oan de Oeverstraat yn Ljouwert in wenning yn 'e brân stie. It gie om in lyts brantsje dat de brânwacht al gau útmakke hie.
In tsjûge hie sjoen dat twa jonges útnaaiden. Ien fan har hie in luchtbuks. De plysje hat se oppakt en nei it buro brocht. De luchtbuks is yn beslach naam.