Feanster sjit fan balkon ôf

17 apr 2011 - 13:31

In 38-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is sneontejûn oanholden foar mishanneling en ferbean wapenbesit. In 58-jierrige plakgenoat rûn oer it fuotpaad tusken de Oude Veenscheiding en de Rottumerweg doe't er skotten hearde. Hy seach ek dat der krekt nêst him in kûgeltsje ynsloech.

Doe't de man seach wêr't de skotten weikamen, seach er in man op in balkon stean. De warskôge plysje gie nei de wenning ta en hold dêr de Feanster oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)