Agressive groep op Weaze

17 apr 2011 - 13:25

De plysje hat sneontejûn de hannen fol hân oan in groep minsken dy't him ferfelend en agressyf gedroech op de Weaze yn Ljouwert. Surveillearjende plysjes seagen de groep, wylst op de Weaze in 'samenscholingsferbod' jildt.

Doe't de plysje de nammen fan alle oanbelangjenden noteare woe, begûn in 39-jierrige Ljouwerter ferfelend te dwaan. Ien fan de plysjes pakte him beet doe't er útnaaie woe. De fertochte begûn de plysje dêrnei te bedrigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)