T'diel: gjin nije doarpsgrins

Bewenners wolle by Earnewâld hearre
Tytsjerksteradiel wol net meiwurkje oan in doarpsgrinskorreksje om bewenners oan de Earnewarre en De Bolderen net mear by Garyp, mar by Earnewâld hearre te litten. In grut tal bewenners wol by Earnewâld hearre. Se sizze mear bining mei it doarp te hawwen.
De gemeente kin him de winsk foarstelle, mar in korreksje fan de doarpsgrins giet de gemeente te fier. Dêrfoar moatte tal fan saken regele wurde en it kostet jild.