Swalker wint SjONG 2011

16 apr 2011 - 22:48

De band Swalker fan it Drachtster Lyseum wûn sneon jongeresjongfestival SjONG yn Frjentsjer mei it liet Lit ús muzyk foar jimme meitsje, in nûmer ynspirearre op Robbie Williams. Yn in folle Koornbeurs makke de band mei sjonger Albert van der Tuin de measte yndruk op sjuery en publyk. Piet Kroes waard twadde mei it Beatlesliet Mei wat help fan in freon, Jenny Semplonius waard tredde mei Eigen wei.

De band Hadzerr fan Piter Jelles krige de YouTubepriis foar 'Ik wol sjonge'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)