Winkeldief yn de sleat
Yn Harns binne sneon trije fertochten oanhâlden foar stellerij út in winkel oan de Kimswerterdyk. De dieven sloegen sneontemiddei om sawat healwei fjouweren ta. De fertochten naaiden út nei harren died. Ien fan har ûntkaam troch in sleat, stuts de sneldyk oer en waard wei mei wiete klean yn de rjochting fan de nijbouwyk.
De plysje liet in oprop útgean op boargernet oan 21 minsken. Letter op de middei waarden de dieders pakt mei help fan dy oprop.