'Maatregels Vitens helpe net'

Foto: Omrop Fryslân
De maatregels fan Vitens tsjin it knetterjen fan wettersieders helpe net folle. Dat tinkt wettertechnolooch Maarten Nederlof. Nei hûnderten klachten hat Vitens it wetter minder hurd makke.
Ein ferline jier feroare Vitens de gearstalling fan it liedingwetter om de gielige kleur te feroarjen. Sûnt dy tiid kleie klanten oer fluitsjende en knallende apparaten. De iennige manier om it echt te ferhelpen is wer wetter mei in kleur ta te stean, fynt Nederlof.