Ruten ynsmiten mei bierfleskes

16 apr 2011 - 14:11

In man (22) út Frjentsjer hat mei bierfleskes ruten ynsmiten yn syn eigen stêd. De plysje krige in melding fan slaanderij op it Ankerplak. Bûtendoar stiene dronken minsken. Yn in wenning fertelde in Frjentsjerter (32) dat de 22-jierrige in bierfles troch it rút smiten hie.

Wylst de plysje him oanhearde, smiet de man wer in fleske troch in rút. De plysje kaam ûnder it glês te sitten. De man is oanhâlden foar fandalisme en mishanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)