Teloarstelling oer wynmûnen

16 apr 2011 - 13:29

De inisjatyfnimmers fan wynmûneparken yn Fryslân kinne it noch net leauwe dat de plannen net trochgean. De nije kolleezjepartijen PvdA, CDA en FNP fine dat der wat harren oanbelanget gjin wynmûnen komme meie by Mitselwier, Gerkeskleaster en Reduzum. By Mitselwier is njoggen jier oan 'e plannen wurke. Der is twa oant trije ton oan jild yn stutsen.

De tsjinstanners yn Mitselwier binne út 'e skroeven mei it stânpunt fan it nij kolleezje fan deputearre steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)