Undersyk nei Hannemahûs

16 apr 2011 - 13:05

De rekkenkeamerkommisje fan de gemeente Harns docht ûndersyk nei museum It Hannemahûs. De fraach is oft publyk jild goed bestege wurdt en oft neffens de subsydzjeregels wurke wurdt. Boppedat moatte der oanbefellings komme oer hoe't saken better regele wurde kinne. By it Hannemahûs binne njoggen organisaasjes belutsen, lykas de biblioteek, de feriening Ald Harns en it Sintraal Komitee '45. Oer in pear moanne moat it ûndersyk klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)