Avanti wint fan nûmer lêst

16 apr 2011 - 12:59

De sealfuotballers fan Avanti hawwe de lêste thúswedstriid fan it seizoen winnend ôfsletten. De nûmer lêst, FCW, waard mei 6-5 nei hûs stjoerd. Dêrtroch hâlde de Stienzers in lytse kâns op dielname oan de play-offs om it lânskampioenskip.

De doelpunten tsjin FCW kamen op namme fan Mo Bouraarassi en Majid Allaui. Sy skoarden beide trije kear. Avanti stiet no 7e en moat 4e wurde om mei te dwaan oan de play-offs. Dan moat der al wûn wurde fan koprinner De Hommel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)