Ferkearsaksje yn Hantum

15 apr 2011 - 16:28

Ynwenners fan Hantum, plysje en Veilig Verkeer Nederland ha freed aksje fierd tsjin minsken dy't te hurd ride. De diken by en yn it doarp binne sa oanpast dat dreger wurden is om te hurd te riden, mar it probleem bliuwt dochs bestean.

Wapene mei in lasergun waarden automobilisten oanhâlden en troch bern fan basisskoalle de Fjouwerhoeke op in freonlike wize konfrontearre mei harren snelhied en de gefolgen dêrfan foar de feilicheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)