Nij Beets: jûn oer rjochtsaak

Sietske H. wenne yn dit hûs, doe't se ferline jier arresteard waard.
Opsterlân hâldt tiisdeitejûn in ynrinjûn foar ynwenners fan Nij Beets. Op tiisdei begjint de ynhâldlike rjochtsaak tsjin Sietske H. út Nij Beets. Sy waard augustus 2010 oppakt omdat se har fjouwer poppen om it libben brocht hat. De poppen waarden yn augustus fûn yn koffers op souder fan it hûs dêr't Sietske wenne.
Ynwenners fan it doarp kinne tiisdei fan sân oere jûns ôf terjochte yn doarpshûs 't Trefpunt. De jûn is allinich tagonklik foar doarpsbewenners.