Fryslân 66 jier lyn befrijd

15 apr 2011 - 13:42

Bern fan 4 Ljouwerter basisskoallen ha freed krânsen en blommen lein by oarlochsmonuminten op it algemiene en it katolike begraafplak yn de stêd. It giet om de basisskoallen De Wester, De Trilker, De Sint Thomas en de Albertine Agnes. It is freed 66 jier lyn dat Fryslân befrijd waard fan de Dútsers.

Yn Aldeboarn wie in betinking en krânslizzing troch skoallen De Finne en De Boarne. Sy hawwe it monumint, in betinkingsrút yn tsjerke, adoptearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)