Teloarstelling froulju H'fean

15 apr 2011 - 12:51

Trener Rick Mulder fan it frouljusteam fan SC Hearrenfean is slim teloarsteld dat Hearrenfean ophâldt mei de frouljuskompetysje.

De direksje hat dat tongersdei besletten, omdat der net genôch jild is om it frouljusfuotbal oerein te hâlden. En omdat twa oare klups ek al ôfheakke binne, fynt de direksje dat der gjin sprake mear is fan in folweardige kompetysje. Mulder en syn spylsters ha net belutsen west by de petearen oer de takomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)