Boontjes net op djipte

15 apr 2011 - 11:21

De skipfeart op de Waadsee bliuwt foarearst lêst hâlden fan de drompel yn fargeul de Boontjes. It slagget Rykswettersteat net dy noch dit jier fuort te heljen. Dat wie earst al ôfpraat.

De fertraging wurdt feroarsake troch alle prosedueres dy't folge wurde moatte foar wurk yn de Waadsee. De provinsje sil der alles oan dwaan om de proseduere wêr mooglik flugger ferrinne te litten, seit deputearre Piet Adema fan ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)