Wetterskip hâldt miljoenen oer

15 apr 2011 - 10:54

Wetterskip Fryslân hat oer 2010 hast trije miljoen oerhâlden. It positive resultaat komt foaral troch in hegere opbringst fan de belestingen. Ek hat it Wetterskip oan it besparjen west en hoegden guon subsydzjes net útkeard te wurden. Fierder wie der ek wurk dat net dien wurde koe troch it winterwaar en hat it Wetterskip net ynvesteard yn grutte projekten.

Wat Friezen tefolle betelle ha oan belestingen krije se takom jier mei in koarting op it taryf werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)