Plysje lost 20 ynbraken op

15 apr 2011 - 10:31

De plysje hat mei de oanhâlding fan in Ljouwerter (18) tweintich ynbraken oplost. De man waard sneon betrape nei in tip dat der in wapen út syn rêchsek fallen wie. Dat barde foar it haadburo fan de plysje oan de Aldlânsdyk.

By de oanhâlding die bliken dat it om in nepwapen gie, Ek waard in tal bankpassen fûn. De man bekende dêrnei 20 ynbraken. Dy wiene yn de wiken Nijlân en Aldlân. In diel fan de bút hat de man yntusken ferkocht, mei de opbringst kocht er drugs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)