Koälysje-akkoart op Omroplive

Omrop Fryslân stjoert de presintaasje fan it Fryske koälysje-akkoart freed fan fjouwer oere ôf streekrjocht út op de ynternetstjoerder Omrop Live.
Earst docht formateur Margreeth de Boer ferslach fan it formaasjeproses. Dêrnei jouwe de ûnderhannelers Konst fan de PvdA, Galema fan it CDA en Toering fan de FNP in taljochting. Kommende woansdei debatteare provinsjale steaten oer de ôfspraken dy't de nije koälysje makke hat. Dat is ek live te folgjen.