Telefoansteuring gem. Ljouwert

15 apr 2011 - 09:56

By de gemeente Ljouwert is op freedtemoarn in grutte telefoansteuring geande. Minsken dy't de gemeente belje krije in bantsje te hearren dat se trochskeakele wurde, mar dat bart hielendal net.

De meiwurkers kinne inoar allinnich mei harren mobile tillefoan belje. De webside leit der ek út. It kompjûtersysteem wurket ek lang net altyd. Tusken de middei wiene alle technyske problemen wer oplost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)