Mokselmatten yn see lein

15 apr 2011 - 07:28

Kokosmatten yn de see by de Waadeilannen moatte der foar soargje dat der nije mokselbanken ûntsteane. De matten wurde dizze wiken yn it wetter lein. As der nije mokselbanken op dy matten groeie, kin dêrtroch ek wer oar libben komme yn de see, lykas platfisken, seegers en moksels fansels.

De matten wurde dellein troch Steatsboskbehear en it Waadfûnsprojekt Waddensleutels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)