Fryske plysjes aktyf yn Baflo

14 apr 2011 - 18:19

Der wurkje ek Fryske resjersjeurs oan it ûndersyk nei de deadlike sjitpartij woansdeitejûn yn Baflo. Dat is gebrûklik by sokke ynsidinten. By de sjitpartij kaam in 48-jierrige plysjeman út Delfsyl om it libben. Dy wie belutsen by in ûndersyk nei de dea fan in 29-jierrige frou, dy't koart dêrfoar fûn wie yn har hûs yn Baflo.

De man dy't fan it misdriuw fertocht wurdt is in útprosedearre asylsiker. Hy rekke ek ferwûne by de sjitpartij en leit yn it sikehús.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)