Iepenbier ûnderwiis yn need

Foto: Omrop Fryslân
It iepenbier basisûnderwiis yn Ljouwert freget de gemeente om by te springen. Ferline jier wie der mear as 3 miljoen euro te min en dit jier is de ferwachting dat de rekkening slút op in tekoart fan hast 1,5 miljoen. Yn augustus soene 16 minsken dien krije en takom jier nochris 25 minsken. It giet dêrby net allinnich om ûnderwizers.
Om te reorganisearjen is jild nedich. Dat wol de skoalle liene. Der is ek oerlis mei de gemeente.