Werynrjochting De Pein

© Omrop Fryslân
De werynrjochtingsplannen fan De Pein binne fan no ôf op ynternet te besjen. Grutste diskusjepunt liket it plantsjen fan beammen te wêzen. De iene fynt beammen moai, de oare is benaud foar oerlêst fan blêden of it ferlies fan útsjoch.
Fierders wurdt de âlde trochgeande dyk Drachten-Nijegea oer de Pein 2 meter smeller makke. De parkearstroken wurde fuorthelle en der mei tenei net hurder as 60 riden wurde. It wurk begjint begjin takom jier