Stellerij fan lead ferhindere

14 apr 2011 - 11:02

Unbekenden hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei besocht lead te stellen fan in gebou oan it Keatslân yn Snits. De plysje krige in melding dat dêr minsken op in dak rûnen.

Doe't de plysje delkaam, naaiden de fertochten út. Se koenen net mear achterhelle wurde. Op it dak leine pakketsjes mei lead dat lossnijd wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)