Heroïne yn Beetstersweach

14 apr 2011 - 10:58

In 46-jierrige drugshanneler fan De Gordyk is woansdeitemiddei yn Beetstersweach oanhâlden. De plysje hie nei tips in ûndersyk nei de man ynsteld. Doe't se him fytsen seagen, waard er oanhâlden.

De fertochte hie heroïne en in soad jild by him. It jild en de drugs binne yn beslach naam. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)