Drachten: besykjen ta deaslach

14 apr 2011 - 10:51

In 26-jierrige automobilist út Oerterp is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oanhâlden fanwege besykjen ta deaslach en riden ûnder ynfloed fan drugs of medisinen. Earder dy jûn hie de man op de Blauwverversregel yn Drachten in 21-jierrige frou op in scooter hast fan de sokken riden. De frou koe noch mar krekt oerein bliuwe.

De plysje waard warskôge en koe de man yn in tún yn de strjitte oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)