Grut tal djoere fytsen stellen

14 apr 2011 - 10:37

By fytshannel Nota yn Sint Nyk binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei mear as tritich djoere fytsen stellen. It giet ûnder oare om elektryske fytsen. De dieven binne deryn kaam troch in doar te fernielen.

De eigner fan 'e saak lei boppe de winkel te sliepen. Hy hat lykwols neat fan de stellerij fernaam. De eigner rûst de skea fan de stellerij op likernôch 60.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)