Sinesappelkanon: 2e fertochte

De plysje hat nei oanlieding fan it ynsidint mei in sinesappelkanon yn Dokkum in twadde fertochte oanhâlden. It is in man (33) út Twizelerheide. Hy soe út domdrystens hannele hawwe. Earder is yn de saak ek al in man fan 24 jier út Twizelerheide oanhâlden.
De twa soargen snein foar in soad opskuor yn Dokkum. De plysje liet in kafee ûntromje, omdat der manlju mei in swier wapen sitte soene. Dat wie net it gefal. Wol hie ien fan harren in sinesappelkanon yn de auto.