Boeken besprutsen op ynternet

14 apr 2011 - 07:18

Leafhawwers fan boeken kinne sûnt koart foar boekbesprekken terjochte op in nije webside: De Boekendeler. Dat is in online-boekeklup fan de biblioteken Midden-Fryslân. Dêr falle Ljouwert, Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel ûnder.

Meiwurkers fan de biblioteken lêze sels boeken en skriuwe dêrnei in ferslach op de webside. De biblioteken wolle dat der sa in lêsklup ûntstiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)