'Haskerdiken is oerfallen'

13 apr 2011 - 23:16

Ynwenners fan Haskerdiken fiele har oerfallen en ferlitten troch it gemeentebestjoer fan Skarsterlân. Dat waard woansdeitejûn dúdlik op in ynformaasjejûn yn it doarpshûs, oer de weryndieling fan Nijbrêge en Haskerdiken by Hearrenfean.

Ferline wike waard bekend dat B&W ynstimme mei dy weryndieling, omdat de provinsje oars net ynstimme sil mei de weryndieling fan Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân ta De Friese Meren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)