Famke slim ferwûne
De traumahelikopter en twa ambulânses binne woansdeitejûn útrukt foar in ûngelok by Eastermar. In famke wie dêr slim ferwûne rekke trochdat se fan it hynder fallen wie. Se ried mei har hynder oer in sânpaad by de Witveensterwei.
Wat der krekt bard is, is net dúdlik. It famke is nei it sikehûs brocht.