Oanlis Noardwest-tangint begûn

13 apr 2011 - 14:24

Yn Stiens is in begjin makke mei it oanlizzen fan de Noardwest-tangint. Dy dyk rint fan Stiens nei Marsum en moat derfoar soargje dat der minder ferkear troch Ljouwert rydt. De plannemakkerij foar de dyk gie net fan in laaien dakje. De kosten foar de oanlis fan de dyk giene in kear oer de kop, fan 20 nei 40 miljoen euro.

Der wiene ek problemen mei de ôffier fan de grûn. Dy is te sâlt en kin net samar oeral stoart wurde. Nei de simmer wurdt mei it grûnwurk úteinset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)