Boalserter toer restaurearre

13 apr 2011 - 12:56

Woansdei wie der in bysûnder spektakel by de Martinitsjerke yn Boalsert. De tsjerke en de toer wurde dit jier restaurearre. Op dit stuit is de toer oan bar en der moast boppe-yn in steunbalke fernijd wurde. In hyskraan tilde it gefaarte omheech en dêrnei waard de balke troch in gat yn it mitselwurk nei binnen skood.

De restauraasje fan de tsjerke kostet goed 1 miljoen euro. De tsjerke moat yn desimber fan dit jier klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)