Swimme en muzyk meitsje

De organisaasje fan it nautysk festival "Toeten noch Blazen" siket muzikanten dy't swimmend in ynstrumint bespylje kinne. De bedoeling is dat der in spesjaal muzykstik skreaun wurde sil foar it bysûndere orkest.
It idee komt fan eveneminte-organisaasje BUOG, dat stiet foar Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen. It is noch net dúdlik hokker ynstruminten it bêste brûkt wurde kinne yn dit wetterorkest.