Ferwûne yn selsmakke auto

In 14-jierrige jonge fan Hoarne op Skylge is ôfrûne moandei ferwûne rekke by in ûngelok mei in auto, dy't er sels ynelkoar knutsele hie. De jonge wie mei it fehikel yn in stik greide oan de Dúnwei oan it riden, mar by it meitsjen fan in bocht kypte de auto om.
De jonge rekke dêrby ferwûne oan syn heup. De traumahelikopter hat it slachtoffer nei it akademysk sikehûs yn Grins brocht.