Ferkearskontrôle Menameradiel
By in algemiene ferkearskontrôle op ferskate plakken yn de gemeente Menameradiel hat de plysje tiisdeitemiddei alve bekeurings útdield. Der waarden bonnen útskreaun foar snelheidsoertredings, stikkene ferljochting en it beljen ûnder it riden.
Trije bestjoerders krigen in bekeuring omdat se de riem net om hiene en in oare sjauffeur foar it brûken fan de mistlampen.