Hark. Boys troch yn beker
Harkemase Boys hat him pleatst foar de kwartfinale fan it noardlik bekertoernoai. De Harkiten wûnen tiisdeitejûn mei 2-0 fan sneins haadklasser Hoogeveen. Oebele Schokker en Dennis Krohne setten de einstân al binnen it kertier op it skoareboerd.
Twadde klasser Sint Anne ferlear yn in leuke wedstriid mei 4-2 fan haadklasser Be Quick 1887.