Wichtige stap yn restauraasje

12 apr 2011 - 21:51

In bysûnder spektakel woansdei by de Martinitsjerke yn Boalsert. Dêr wurdt om njoggen oere moarns in 10 meter grutte balke de tsjerke yntild. De balke is ûnderdiel fan in grutte restauraasje oan de tsjerke, dy't yn maart úteinset is. De balke moat troch in gat yn it mitselwurk nei binnen ta skood wurde.

De restauraasje fan de tsjerke kostet yn totaal goed 1 miljoen euro. De tsjerke moat yn desimber fan dit jier klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)