Parkeartariven net te heech

It kolleezje fan b. en w. fan de gemeente Ljouwert fynt net dat de parkeartariven yn de stêd te heech binne. De VVD hie fragen steld oer it parkearbelied. Sy fine de prizen te heech en binne net wiis mei it hege oantal parkearfergunnings dat útjûn is.
Neffens b. en w. binne de tariven goed, se binne in stik leger as yn oare stêden. B. en w. fynt wol dat der tefolle fergunnings útjûn binne.