Ljouwerter F16's soad yn aksje

De Nederlânske F16-fleantugen hawwe yntusken al 52 kear boppe Libië flein. De piloaten ha yn totaal 241 oeren yn de loft west om it wapenembargo en it fleanferbod te handhaven.
Dit hat it ministearje fan definsje tiisdei bekend makke. De seis fleantugen, dy't Ljouwert as thúsbasis hawwe, binne no goed twa wiken oan it wurk. Se fleane fan it Italiaanske Sardinië nei Libië.