Taksy Boekema fallyt

12 apr 2011 - 19:50
Foto: Omrop Fryslân

Taksybedriuw Boekema yn Grou is fallyt. De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei it fallisemint útsprutsen. Fiiftich meiwurkers wurde ynskreaun troch it UWV, in lytse 20 hawwe al oar wurk fûn.

De kurator sil no earst sjen oft der oernamekandidaten binne foar it bedriuw, mar der hawwe har noch gjin gadingmakkers melden. Ek treppemakker Kwartspil út Easterwâlde en de Ljouwerter balustradebouwer Sterkos binne fallyt ferklearre.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)