Traumahelys fleane wer folop

De traumahelikopters fleane wer 24 oeren deis
Bewenners fan de Waadeilannen kinne tenei jûns flugger medyske help krije. De traumahelikopters fan it UMCG-sikehûs yn Grins binne fan tiisdei ôf 24 oeren deis ynsetber.
Earder waard der allinnich oerdei flein, omdat piloaten by jûntiid in spesjale 'nachtkijker' brûke moatte. De ôfrûne moannen is hjir in soad mei traind. No't de helikopter ek jûns ynset wurde kin, is der in soad tydwinst te heljen foar minsken dy't fier fan in sikehûs ôf wenje.