Fryslân Culinair wreidet út

It gearwurkingsferbân Fryslân Culinair wreidet út mei fjouwer nije hoareka-bedriuwen. It giet om Hotel Nobel op It Amelân en de restaurants De Hinde yn Hylpen, De Oranjetuin yn Tjaarda Oranjewoud en om Het Armhuis op Flylân. Tiisdei binne de nije dielnimmers bekend makke yn 'Herberg De Waard van Ternaard' yn Ternaard.
De organisaasje is tige bliid mei de útwreiding. Der binne no trettjin bedriuwen oansletten, dat moat der binnen twa jier santjin wurde.