Jonges oerfallen yn Ljouwert

Trije jonges út Ljouwert en Marsum binne sneintejûn yn Ljouwert oerfallen. Se rûnen fanút in kafee oan de Korfmakersstrjitte rjochting de Prinsetún, doe't se op de Bredeplaats oanhâlden waarden troch trije manlju. Dy fregen har om har bûsen leech te heljen. Doe't de jonges seine dat se neat by har hiene, waarden se slein en yn in wurchgreep hâlden.
De plysje hat noch nei de dieders socht, mar hat se net fine kinnen.