SC Cambuur spilet lyk

11 apr 2011 - 22:50

Cambuur hat moandeitejûn yn it eigen stadion mei 2-2 lyk spile tsjin Den Bosch. Nei in minne earste helte seach Cambuur tsjin in 2-0 efterstân oan. De twadde helte waard noch spannend. Paul Beekmans makke de 1-2. Dêrnei makke Mark de Vries yn de tredde minút fan de blessueretiid de twadde treffer foar Cambuur.

De Ljouwerters stean no mei 44 punten tegearre mei Volendam op it fiifde plak. Der wachtet Cambuur de kommende wiken in swier programma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)